Niemand weet

liefste niemand weet hoe wij in eerdere levens
elkaar voorbij liepen of de bus misten waar één
van ons beiden in zat of jij mijn zuster moeder
in was en het tussen ons niks mocht worden omdat

er te veel jaren of een geloof tussen ons
dreven zo plastisch als een continent zal de afstand
soms geweest zijn ik was misschien druk in de weer met
het uitvinden van vuur terwijl jij en je vrijer

aan de overkant van de oceaan de kaarsen aanstaken
hou ik je alweer te stevig vast ik wil je niet
fijnknijpen maar ik ben blij en tegelijk bang

dat er nooit meer tussen ons zal zijn dan dit heelal
waarin we niet bij elkaar kunnen komen omdat het
te klein is voor het verdriet van twee die één worden

liefste laat tijd ons uit elkaar rukken als we een voor een
doodgaan wij slaan terug met bruggen van woorden

*

leave nimmen wit hoe’t wy yn eardere libbens
inoar foarby ronnen of de bus misten dêr’t ien
fan ús beiden yn siet of do myn suster ús mem
yn wiest en it tusken ús neat wurde mocht om’t

der te folle jierren of in leauwe tusken ús
dreaun sa plastysk as in kontinint sil de ôfstân
wol ris west ha ik wie miskien drok dwaande mei
it útfinen fan fjoer wylst do en dyn frijer

oare kant de oseaan de kearsen oanstutsen
hâld ik dy al wer te stiif fêst ik wol dy net
fynknipe mar ik bin bliid en tagelyk bang

dat der noait mear tusken ús wêze sil as dit hielal
dêr’t wy net by inoar yn komme kinne omdat
it te lyts is foar it fertriet fan twa dy’t ien wurde

leave lit tiid ús fan inoar ôf skuorre at wy ien foar ien
deageane wy slaan werom mei brêgen fan wurden

Tsead Bruinja (1974)
uit: Geboorte van het zwarte paard (2008)